útfeartbegelieding
‘Foar een ôfskie mei leafde en earje’
Efkes my sels foarstelle
Myn namme is Iepie Lindeboom-Hospes en bin mem fan 2 bern en wenje mei myn man en bern yn Mantgum. Foar dat ik begûn mei de útfeartfersoarging haw ik 25 jier yn de soarch arbeide. Dêr kom ik faak mei de “lêste soarch”yn oanrekking. Fanôf 2001 haw ik bewenners en hun famylje begeliid yn hun lêste libbensfase. Dit haw ik mei een protte nocht dien. Op myn wurk kaam ik yn oanrekking mei de útfeart en dit lûkte my ôfgryslik, ik bin my der yn gean ferdjipjen en ha myn wurk ûnderfining op dien by een ûtfeartbedriuw yn Fryslân, wêr ik in hiele ferskaat oan útfearten mei makke ha. Fanôf simmer 2011 haw ik besletten as selsstannich ûndernimmer fierder te gean.
Wat haw ik jo te bieden
Ik regelje tegearre mei de famyljeleden op de manier sa as jo de útfeart winskje. Troch nei jo te harkjen riekje ik jo de mooglikheden oan wêr jo sels in kar ut meitsje. Jo kinne tinke oan: lêste soarch, opbierje, roukaarten, kondoléânsje, útfeartplechtichheid. Mar ek kin ik by famylje lâns komme op in foarpetear, dit kin as jo siik binne of om in oare reden. By ûs earste kontakt sil ik de famylje in kostenbegrutting oanrikke. In oantal wiken nei de útfeart besykje ik de famylje foar in neipetear, tegearre prate we oer de ôfskieplechtichheid en beprate we of alles nei jo winsk ferrûn is. Ek saken dy noch moatte regele wurde kinne jo dan mei my beprate.
De hynsteblom
Wenjende yn de Greidhoeke fan Fryslân sjoch ik fan ût de keuken yn ût foarjier oer fjilden fol hysteblommen, in prachtich oansjoch. As de hysteblom ûtbloeit is, rekket de blom syn stampers kwyt. Sa is ut it ek yn ût libben, Jo groeie en bloeie ta iets moais en letter gjit de kleur der soms een bytsje fanôf en minskeliik sjoen ferlit je op lettere leeftiid ût libben. En as de blom bloeit yn de moaie kleur giel en wurdt ôffretten troch in ko of de blom wurd ôfmeant, sa kin it ek yn it libben wêze dat je op jonge leeftiid it libben ferlitte moatte.
